Mem en famke ferwûne yn Harns

27 apr 2013 - 08:56

By in oanriding op de Zuidwalweg yn Harns binne freedtemiddei in 37-jierrige frou út Frjentsjer en har famke fan 8 jier ferwûne rekke. In 29-jierrige automobilist út Sint Anne joech de frou út Frjentsjer gjin foarrang en in oanriding wie it gefal. De helptsjinsten en ek de traumahelikopter kamen om de slachtoffers te helpen. De frou en har dochter binne mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it MCL brocht. De dyk hat noch oeren ôfsletten west foar ûndersyk fan de plysje en it skjinmeitsjen fan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)