Mem en bern te wetter by Aldsyl

03 jul 2006 - 14:37

By Aldsyl is sneintemoarn in auto mei in frou en har twa bern yn te wetter bedarre. De frou besocht in famke te ûntwiken, dat op in krusing te wachtsjen stie. Dêrby rekke de auto in reling en sloech oer de kop, de sleat yn.

Omstanners ha de frou en har bern, fan njoggen en seis jier, út de auto helle. De jonge hie ferwûnings oan de foet. It famke dat op de krusing stie, rekke ek ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)