Melvin de Leeuw nei Cambuur

22 apr 2011 - 23:03

Melvin de Leeuw spilet de kommende twa seizoenen foar Cambuur. De 23-jierrige spiler fan RBC Roosendaal tekene freed in kontrakt mei Cambuur.

De Leeuw is in oanfaller dy't op alle posysjes yn de oanfal opsteld wurde kin. Hy is transferfrij en kostet Cambuur dus gjin oankeapsom. Melvin de Leeuw is nei Martijn Barto, Marco van der Heide en Mart Dijkstra de fjirde nije spiler dy't foar it kommende seizoen foar Cambuur tekene hat

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)