Melkmasines foar Roemenië

02 mrt 2007 - 17:32
  • Iana Matei by Fryske boeren op besite

Fryske melkmasines kinne Roemeenske eks-prostituées helpe om in nij bestean op te bouwen. Dêrom wie helpferlienster Iana Matei freed yn de provinsje om ôftanke melkmasines fan Fryske boeren te besjen.

As de masines goed genôch binne, gean se nei har frouljusopfanghûs yn Roemenië. Dêr wenje 12 slachtoffers fan frouljushannelers. Dy sille dan kij masinaal melke en ek tsiis meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)