Melkfeehâlders:40 % achterút

12 aug 2009 - 11:21
  • De molke levert 40 persint minder op

Melkfeehâlders hiene it ôfrûne heal jier bruto 41 prosint minder ynkommen as yn deselde tiid ferline jier. It giet yn trochsneed om in achterútgong fan sa'n 37.000 euro. It gefolch is dat in soad melkfeehâlders tydlik net oan har finansjele ferplichtings foldwaan kinne.

De sifers komme fan 'e Gibo Accountants- en Adviesgroep. De wichtichste oarsaak fan 'e ynkommensfal is de folle legere molkpriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)