Melkfeehâlders wer yn aksje

24 des 2003 - 00:00

Melkfeehâlders komme begjin dit jier wer massaal yn aksje tsjin de lege molkprizen. Dit jier waarden al aksjes fierd by supermerken, mar dizze kear wurdt it in aksje yn hiel Europa.

De boeren wolle de nasjonale polityk op de lege molkprizen oansprekke. Dy moat der yn Europa foar soargje dat de molkkwota leger wurde. As dy kwota leger wurde, meie boeren minder molke produsearje wêrtroch't de prizen omheech geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)