Melkfeebedriuwen nei bouhoeke

06 okt 2011 - 15:04
  • Harman Agricola (foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân)

Troch de skaalfergrutting yn de lânbou wurdt foaral de bouhoeke ynteresant foar grutte melkfeebedriuwen. Gebieten lykas de Noardlike Fryske Wâlden mei lytsere stikken lân binne dêr folle minder geskikt foar. Dat sei Herman Agricola fan lânbou-ynstitút Alterra tongerdei op in sympoasium oer de lânynrjochting by Drachten. De provinsje hie dat kongres organisearre.

De lânynrjochting by Drachten is net fan de grûn kaam. Boeren hawwe problemen as kavels net gaadlik lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)