Melkert-banen NW-Fryslân faai

24 jan 2003 - 00:00

De Melkert-banen by de sportferienings yn noardwest-Fryslân steane faai. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik op in ynformaasjegearkomste yn Sint Anne.

De gemeenten dy't de banen betelje, wolle dat der tritich persint besunige wurdt. Dat jild, sawat 60.000 euro, moat opbrocht wurde troch de sportferienings sels. Dy wolle dat net, om't se dan de Melketiers foar in part yn tsjinst nimme moatte. Sûnder ekstra jild ferlieze sân minsken har baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)