Meldt misdriuwen yn Wolvegea

17 des 2008 - 09:23

Ynwenners fan Wolvegea wurde oproppen om ynformaasje oer misdriuwen om de jierwiksel hinne fral te melden by de plysje. Fernielings troch fjoerwurk soargje foar in soad problemen, mar de plysje mist faak ynformaasje om de dieders pakke te kinnen.

Mei posters en flyers wurde ynwenners oproppen om ynformaasje oer de dieders, anonym of net, troch te jaan. By de foarige jierwiksel waard allinne oan strjitmeubilêr al foar inkelde tsientûzen euro's fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)