Meldpunt WMO Eaststellingwerf

11 feb 2008 - 07:08

De Socialistische Partij yn Eaststellingwerf hat in meldpunt iepene foar klachten oer de WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. De partij wol fan de ynwenners witte hoe't sy fine dat de gemeente omgiet mei dy WMO.

Neffens de SP besunigt de gemeente fiks op de soarchkosten. De fraksje wol dêrom útfine at der klachten binne en hoe't dy oplost wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)