Meldpunt rôffûgelferfolging

22 jun 2014 - 10:30
  • Deade rôffûgel (argyffoto)

Gefallen fan rôffûgelferfolging kinne tenei melden wurde by in spesjaal meldpunt. Fia de webside wildlifecrime.eu kinne boargers in berjocht achterlitte as se fertochte situaasjes sjogge. It meldpunt is in inisjatyf fan de provinsjale Natuer- en miljeufederaasjes. Doel is om ynsicht te krijen yn it tal gefallen fan rôffûgelferfolging en hoe't dat bart.

Ofrûne wike binne by Snits fjouwer beammen omseage mei rôffûgelnêsten dêryn. Wa't dit dien hat, is noch net bekend. De plysje docht ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)