Meldpunt mûzeskea fan LTO en provinsje wer iepen

16 jun 2015 - 14:54
  • Fersûpte mûs

LTO Noard en de provinsje Fryslân hawwe it meldpunt foar mûzeskea op 'e nij iepene. Oanlieding binne sinjalen oer in nije pleach by Hartwert en omkriten en yn Noardwest-Fryslân. LTO en provinsje hâlde no tegearre yn de gaten oft de mûzepopulaasjes yn dy gebieten ek grutter wurde.

Beide organisaasjes roppe boeren op om ferskate metoades te besykjen om de mûzepleach aktyf te bestriden. Der rint noch in ûndersyk nei hokker bestridingsmetoade it beste wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)