Meldpunt Harns oer wyk Ludinga

02 aug 2012 - 13:50

De gemeente Harns hat in meldpunt opset foar klachten oer de nije wyk Ludinga. Dy wol de gemeente brûke foar in koart pleit yn septimber tsjin Klaver Vastgoed. Dy ûntwikkelet it projekt Ludinga yn it súdeasten fan Harns mei in 180 huzen. Mar Klaver hâldt him net oan ôfspraken om de buert en diken te ûnderhâlden oant de oplevering oan de gemeente. Oerlis tusken de partijen hat neat opsmiten.

Minne diken mei gatten dêr't it wetter stean bliuwt en min ûnderhâlden grien dat heech opgroeit, binne de earste klachten fan bewenners op it meldpunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)