Meldpunt foar oplossen brannen

19 feb 2008 - 11:51

Der moat gau in ein komme oan in searje brânstiftings op 'e Lemmer. De plysje en de gemeente Lemsterlân ha dêrom in grutte kampanje opset mei Meld Misdaad Anoniem.

De ferneamde Lemster topturners Epke en Herre Zonderland jouwe woansdei it startskot foar de aksje. Der wurde tsientûzen folders en posters útdield, wêrmei ynwenners oproppen wurde ynformaasje te melden. Dat kin ek anonym op telefoannûmer 0800 - 7000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)