Meldpunt foar meiwurkers Hema

05 aug 2010 - 21:25

Fakbûn FNV Bondgenoten hat tongersdei in meldpunt iepene foar meiwurkers fan de Hema. Neffens it fakbûn bliuwe de meiwurkers fan de winkels yn Noard-Nederlân ûntefreden oer in earder stjoerde brief fan de direksje oer syktefersom. De rjochtlinen dêryn betsjutten neffens it bûn dat net de arbodokter, mar de filiaalsjef bepaalt oft immen siik is.

De Hema hat al sein dat der sprake wie fan in misferstân, mar dochs bliuwe de meiwurkers lilk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)