Meldpunt foar learlingeferfier

26 aug 2014 - 11:39
  • Telefoan

De riedsfraksje fan Verenigd Links yn de gemeente Ljouwert hat in meldpunt oprjochte dêr't minsken problemen mei it learlingeferfier trochjaan kinne. Hieltyd mear gemeenten besunigje op it ferfier foar learlingen dy't nei it spesjaal ûnderwiis gean.

Neffens Verenigd Links komme guon âlden hjirtroch yn de problemen. De partij krijt dêr geregeld sinjalen fan en wol dy no ynventarisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)