Meldpunt foar klachten WMO

20 jan 2007 - 16:21

De SP yn Snits hat in meldpunt opset foar klachten oer de Wet Maatskiplik Understeuning. Gemeenten mei jildpine kinne besunigje op de WMO. Minsken dy't soarch nedich hawwe, moatte dan hegere bydragen betelje. Guon minsken reitsje de thússoarchhelp kwyt.

De SP hopet ek op reaksjes fan gemeenten, thússoarch- en pasjinte-organisaasjes. Reaksjes binne wolkom op de ynternetside fan de SP Snits en op telefoannûmer 058-2501102.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)