Meldkeamer yn race foar priis

26 mrt 2013 - 21:55
  • Meldkeamer Drachten

De meldkeamer Noard-Nederlân is nominearre foar in Europeeske ûnderskieding. It giet om de Outstanding Emergency Call Centre Award 2013. De priis wurdt elk jier jûn oan in 112-meldkeamer dy't him op in bysûndere wize wit te ûnderskieden.

De noardelike meldkeamer is nominearre fanwege de gearfoeging fan de trije regionale meldkeamers fan Fryslân, Grinslân en Drinte. De Europeeske sjuery neamt de organisaasje in 'foarbyld'.

Ek de gearwurking fan de meldkeamer yn it Noarden mei dy fan East-Nederlân yn Apeldoorn krijt in positieve wurdearring fan de sjuery. De winner wurdt heal april bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)