Meldkeamer Noard-Nederlân skoart lanlik goed

01 apr 2015 - 13:02
  • De meldkeamer yn Drachten

Meldkeamer Noard-Nederlân yn Drachten docht it stikken better as de oare meldkeamers yn Nederlân. Dat docht bliken út rapporten fan de ynspeksje Feiligens en Justysje, dy't koartlyn oan de Twadde Keamer oerlange binne. Wol wurdt der melding makke dat Drachten wol út in soad wurkeilantsjes bestiet.

Sûnt 2011 wurkje yn de meldkeamer 180 sintralisten út Fryslân, Grinslân en Drinte gear. It giet boppedat om meiwurkers fan de plysje, ambulânse en brânwacht dy't yn it ferline allegear op harren eigen wize wurken.

Neffens haad Marjan van Ewijk fan de meldkeamer Noard-Nederlân is goed te sjen dat de gearwurking better ferrint. Op de meldkeamer is altyd in kalamiteitekoördinator oanwêzich, dy't de gearwurking goed yn de gaten hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)