Meldings oer ûnnedige soarch

17 feb 2013 - 17:09

Yn in pear dagen tiid hat Soarchbelang Fryslân fjirtich telefoantsjes krige op it spesjale Meldpunt Unnedige Soarch. Dat is folle mear as ferwachte.

Op it meldpunt kinne behannelings of operaasjes dy't net hoegd hiene of konsulten dy't fierste djoer binne, trochjûn wurde. Soarchbelang wol sa in bydrage leverje oan de diskusje oer it besparjen op soarchkosten. De meldings dy't oant no ta binnenkaam binne, giene ûnder oare oer de fergrieming fan medisinen. Meldings binne noch de hiele moanne wolkom op 058-2137138.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)