Melding Boazum goed ôfhannele

17 okt 2012 - 16:18
  • Meldkeamer Drachten

Der hawwe har gjin problemen foardien by it ôfhanneljen fan de melding fan de brân, ferline wike tongersdei yn Boazum. Dat seit Ferd Crone, as foarsitter fan de Feilichheidsregio Fryslân. Nei oanlieding fan berjochten dat de melder net begrepen waard omdat er Frysk prate, hat Crone in ûndersyk ynstelle litten nei de melding. Dêrút docht bliken dat dy yn earste ynstânsje yn Driebergen binnenkaam, omdat mei in mobile telefoan belle waard. Doe't dúdlik wie dat it om in brân yn Fryslân gie, waard trochferbûn mei de meldkeamer yn Drachten.

It petear wie foar it grutste part yn it Nederlânsk, neffens it ûndersyk waard der sa no en dan in Frysk wurd brûkt. Wol wie der betizing oer it plak fan de brân. De sintralist ferstie yn earste ynstânsje Boalsert, mar nei kontrôle die bliken dat it Boazum wie. Neffens it ûndersyk is dêrtroch gjin fertraging ûntstien, de brânwacht waard wol direkt nei it goeie plak stjoerd. By de brân yn Boazum gie in loads yn flammen op, der kaam dêrby asbest frij wêrtroch't de buert ûntromme wurde moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)