'Melde lyts leed moat better'

28 jun 2007 - 08:08

De gemeente Wûnseradiel moat oan de slach om meldings fan 'lyts leed' better ôf te hanneljen. Dat skriuwt de rekkenkeamerkommisje fan de gemeente yn syn rapport 'Klein Leed uitvergroot'. Foar de boarger is it net goed dúdlik wêr't er soks melde kin.

Wûnseradiel moat better witte litten wêr't minsken klachten kwyt kinne, skriuwt de rekkenkeamer. Der moat yn elts gefal in apart e-mailadres komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)