Meldaksje Zorgbelang Fryslân

22 maaie 2011 - 11:35

Zorgbelang Fryslân wol mei in meldaksje útfine hoe't minsken tinke oer de keuzes dy't se ha yn de soarch. Sûnt fiif jier is der folle mear frijheid om sels te kiezen hokker dokter of spesjalist as je ha wolle.

Soarchbelang wol no witte hoe tefreden minsken dêr oer binne. Mei de antwurden soe de kwaliteit fan de soarch ferbettere wurde moatte. Sa wurde de útkomsten brûkt yn de gesprekken dy't Soarchbelang hat mei fersekerders en oanbieders fan soarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)