Meksikaanske gryp yn Fryslân

11 jan 2011 - 14:10

Sân Friezen binne yn it sikehûs opnommen mei ferskynsels fan it H1N1-firus. Fan ien fan harren is ûndertusken bekend wurden dat it om de Meksikaanske gryp giet. Dat hat de GGD Fryslân tiisdei witte litten.

GGD Fryslân hat ferline jier yn totaal 111 meldings fan de Meksikaanske gryp krigen. Dit jier stiet de teller no op 7. Fan in grypepidemy is noch gjin sprake. Lanlik hiene ein ferline jier 36 op de 100.000 Nederlanners de gryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)