Meksikaanske gryp: soad fragen

17 jun 2009 - 15:42
  • De Meksikaanske gryp makket minsken dy't hoastje ûngerêst...

It tal fragen dat GGD Fryslân krijt oer de Meksikaanske gryp is de ôfrûne dagen ferdûbele. Yn ús lân binne op it stuit 83 besmette gefallen bekend.

Neffens GGD Fryslân is der noch gjin ûnrêst ûnder de minsken, mar minsken dy't in skoft ferkâlden of griperich binne meitsje harren wol flugger soargen en belje de GGD. De helpferlieningstsjinst tinkt dat it tal besmette gefallen yn ús lân in stik heger leit as oant no ta bekend is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)