Meiwurkers snoepfabryk byinoar

06 sep 2011 - 21:01

Meiwurkers fan it spekjesfabryk yn Harns binne tiisdei bypraat oer de stân fan saken nei de grutte brân fan moandei. Neffens lokaasjemanager Walstra wie it in goede byienkomst. Hy hat sein dat alles 'in kâns foar de takomst' is. Dit waard mei gejuich ûntfongen.

De meiwurkers binne earst wer nei hûs ta stjoerd. Se binne op oprop beskikber. It fabryk wol gau it wurk wer oppakke troch ynpakwurk foar kollega-fabriken te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)