Meiwurkers pakke winkeldieven

01 maaie 2010 - 14:34

Meiwurkers fan in winkel oan de Eastersingel yn Ljouwert ha freed twa winkeldieven op 'e die trapearre. Se seagen dat in 48-jierrige man en in 49-jierrige frou út Ljouwert tassen folproppen mei guod. De man rekkene in pear spullen ôf, mar de frou naaide út mei twa tassen fol stellen spul.

De meiwurkers folgen it duo en seagen dat se it spul yn in auto leine. Se koene de dieven oanhâlde en oerdrage oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)