Meiwurkers Noorderbreedte yntimidearre op wurkflier

11 sep 2015 - 06:08

Meiwurkers fan soarchgroep Noorderbreedte wurde bytiden yntimidearre op de wurkflier. Dat docht bliken út in rapport dat opsteld is, nei't der in ûndersyk ûnder it personiel west hat. Ek fine de meiwurkers dat de ôfstân tusken de direksje, it management en de wurkflier te grut is.

Boppedat meitsje se harren soargen oer de kwaliteit fan de soarch dy't Noorderbreedte jout. Dat stiet yn in brief nei it personiel, dy't yn hannen kaam is fan Omrop Fryslân. De begeliedingskommisje fan it ûndersyk neamt de earste útkomsten soarchlik.

It ûndersyk is yn febrewaris fan dit jier opstart op fersyk fan de fakbûnen. Der is sprutsen mei 240 meiwurkers fan Noorderbreedte. Dat is in tsiende fan it folsleine personiel.

Beide fakbûnen en soarchgroep Noorderbreedte wolle foarearst net reagearje, om't se mei-inoar yn petear binne en it folsleine rapport ôfwachtsje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)