Meiwurkers ING Ljouwert lizze wurk del út protest

10 jun 2015 - 11:53

By it ING-kantoar yn Ljouwert hâlden sa'n 25 fleksmeiwurkers woansdeitemoarn in wurkûnderbrekking. Neffens de inisjatyfnimmers reitsje sy harren baan kwyt, wylst tagelyk nije meiwurkers oplaat wurde foar itselde wurk.

De maatregel fan de bank soe te krijen hawwe mei de nije flekswet. Fakbûn CNV stipet de ING-meiwurkers yn harren aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)