Meiwurkers ING-bank yn aksje

19 jun 2003 - 00:00

Hûnderten meiwurkers fan 'e Postbank yn Ljouwert ha tongersdei tusken de middei aksje fierd fanwege in CAO-konflikt mei harren wurkjouwer ING. Dy wol dat de wurknimmers meibetelje oan de pensjoenpreemje. Oant no ta betellet de ING dy út de koerswinsten, dêr't de pensioenpreemjes yn ûnderbrocht binne.

Mar troch de koersfal moat de ING der no jild bylizzen. Neffens de fakbûnen kin de ING dat mei in winst fan 4,2 miljard euro best opbringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)