Meiwurkers fleanbasis yn aksje

19 jul 2010 - 20:17

It personiel fan Definsje komt yn septimber yn aksje foar in bettere cao. Op de Ljouwert loftmachtbasis sil ek aksjefierd wurde. De meiwurkers fine it ûnterjochte dat it lean beferzen wurdt en net mei it ynflaasjesifer omheechgiet.

Fierders wolle se net dat de pensjoenleeftiid alfêst twa jier omheechgiet, ek al is dêr noch gjin beslút oer naam yn Den Haach. Stake meie militêren net. Dêrom wurde der bygelyks stiptheidsaksjes hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)