Meiwurkers fan Roosma yn Makkum wer oan it wurk

06 jan 2015 - 07:31
  • De reidsnijers binne wer oan it wurk

De reiddekkers fan reiddekkersbedriuw Roosma út Makkum binne tiisdei wer oan it wurk gien. In loads fan it bedriuw gie âldjiersjûn yn flammen op. Dêrby giene auto's en caravans ferlern, mar ek masines dy't nedich binne foar it snijen fan it reid. Foar it bedriuw in grutte strop, want fan jannewaris oant en mei maart is dé tiid om reid te snijen.

Fan in kollega reidsnijer kin Roosma in masine liene. Dêrtroch kin der fan tiisdei ôf wer wurke wurde. Goed acht meiwurkers fan it bedriuw binne tiisdeitemoarn op paad gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)