Meiwurkers De Sionsberg offisjeel ûntslein

08 des 2014 - 21:34

Meiwurkers fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum meitsje harren op foar in aksjedei yn Den Haag. Woansdei sil de Twadde Keamer prate oer it fallisemint fan it sikehûs. De personielsleden sille mei bussen nei de Twadde Keamer ôfreizgje om te besykjen De Sionsberg te rêden.

Moandei krigen alle meiwurkers offisjeel dien. Neffens ien fan de ûntsleine wurknimmers wie it in emosjonele byienkomst. It personiel hopet op in trochstart. Oernamekandidaten moatte har melde foar 24 desimber. Bart dat net, dan hâldt it sikehûs op te bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)