Meiwurkers DE net ûntslein

10 jan 2011 - 14:29

De fakbûnen binne it iens wurden mei de direksje fan Douwe Egberts oer de takomst fan fiif meiwurkers. By it bedriuw op 'e Jouwer bruts ferline wike in spontane wurkûnderbrekking út doe't de wurknimmers hearden dat fiif kollega's dien krije soene.

De fakbûnen hawwe mei de direksje ôfpraat dat foar alle fiif minsken in oplossing fûn wurdt. Dat kin oerpleatsing wêze, mar ek detachering. It personiel wurdt op 19 jannewaris op 'e hichte brocht fan 'e ôfspraken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)