Meiwurkers De Batting yn Harns moatte op syk nei oar wurk

05 feb 2015 - 12:26

Seisentweintich wurknimmers fan soarchsintrum De Batting yn Harns moatte op syk nei oar wurk. It giet om minsken dy't no noch lichte soarchtaken útfiere. Om't de bewenners fan it soarchsintrum ferlet hawwe fan hieltyd kompleksere soarch binne der mear echte ferpleechkundigen nedich.

Dy nije ferpleechkundigen nimme de soarchtaken fan de hjoeddeistige meiwurkers oer. It oare wurk dat dizze minsken op it stuit dogge, wol soarchgroep Noorderbreedte opfange litte troch frijwilligers.

Foar de hjoeddeistige meiwurkers wurdt oar wurk socht. De fakbûnen hawwe in soad fragen oer de gong fan saken en sille meikoarten mei de direksje om tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)