Meiwurkers Cofely komme yn aksje foar better sosjaal plan

29 feb 2016 - 07:22

Meiwurkers fan Cofely Noard-Nederlân, mei ek in fêstiging yn Ljouwert, komme moandei yn aksje foar in better sosjaal plan. Se reizgje ôf nei it haadkantoar yn Bunnik om te pleitsjen foar in bettere ûntslachfergoeding. Der moatte 65 minsken út, mar de ûnderhannelings oer it sosjaal plan binne oant no ta op neat útrûn. Cofely hâldt him oan de wet en wol net mear as 76.000 euro útbetelje as ûntslachfergoeding.

Guon meiwurkers soene dêrmei neffens it fakbûn hast in ton misrinne. De meiwurkers diele moandei in giele kaart út oan de direksje fan it bedriuw om sa dúdlik te meitsjen dat der echt in better bod komme moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)