"Meiwurkers COA net wolkom yn âlde gemeentehûs Wytmarsum"

06 apr 2016 - 15:47
  • It âlde gemeentehûs fan Wytmarsum

Meiwurkers fan it Centraal Orgaan Opfang Asylsikers (COA) binne net wolkom yn it eardere gemeentehûs fan Wytmarsum, salang't de gemeente Súdwest-Fryslân by de flechtlinge-opfang gjin rekken hâldt mei de ynwenners fan it doarp. Dat seit direksjelid Johan Paques fan projektûntwikkeler Frisia Invest, dy't eigener fan it eardere gemeentehûs is.

De gemeente Súdwest-Fryslân wol in AZC foar 200 minsken by it eardere kleaster yn it doarp, 120 yn it kleaster en 80 yn bygebouwen yn de tún. 

It kantoarpersoniel fan it COA soe dan yn it eardere gemeentehûs komme, mar dêr wurket Frisia Invest foarearst net oan mei. Sy wolle dat rjocht dien wurdt oan de útkomsten fan de doarpsenkête. Dêryn sizze Wytmarsumers dat se maksimaal 100 flechtlingen opfange wolle yn it eardere kleaster. Woansdeitemiddei hat de direksje fan Frisia Invest oerlis mei boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân oer de ûntstiene situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)