Meiwurkers Caparis yn aksje

07 jun 2011 - 20:52
  • Twa fan de aksjefierders (Foto: Omrop Fryslân/Auke Wietze Bosma)

Fanút Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean reizgje woansdeitemoarn meiwurkers fan wurkfoarsjenning Caparis ôf om aksje te fieren. 270 Caparis-meiwurkers sille nei Ulft dêr't gemeentebestjoerders út it hiele lân byinoar komme om te stimmen oer it bestjoersakkoart, dat grutte besunigings op de sosjale wurkfoarsjenning ynhâldt.

Yn Ulft wurde 10 oant 15.000 meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjenning ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)