Meiwurkers Caparis fiere aksje

Wethalder Zweers fan Smellingerlân krijt de ferklearring fan de meiwurkers fan Caparis

In delegaasje fan meiwurkers fan Caparis giet dizze wike by alle acht oansletten gemeenten lâns om te protestearjen tsjin de grutte besunigings op de sosjale wurkfoarsjenning.

It kabinet Rutte wol dat minsken mei in beheining net hingjen bliuwe yn de sosjale wurkfoarsjenning, mar trochstreame nei in gewoane baan. De 2600 meiwurkers fan Caparis binne benaud dat dat net samar kin en hoopje dat de wethalders de besungings tsjinhâlde.

De wethâlders sizze yn mearderheid begryp te hawwe foar de soargen, mar kinne de besunigings net keare. Caparis hat al grutte finansjele soargen. Ferline jier is 4,4 miljoen euro ferlies draaid. De fakbûnsleden fan Caparis hawwe noch mear aksjes op priemmen stean: 21 febrewaris in provinsjale aksje en 22 maart in lanlike, op it Malieveld yn Den Haach.

In bydrage fan Jan Durk de Haan

Besjoch ek...

10 mei 2012 - 12:55
9 mei 2012 - 12:45
7 mei 2012 - 22:13
7 mei 2012 - 18:14
2 mei 2012 - 19:39

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.