Meiwurkers Brink's yn aksje tsjin ûntslaggen

10 des 2014 - 06:59

De wurknimmers fan jildtransporteur Brink's komme woansdei yn aksje. Se sille protestearje by it haadkantoar fan Brink's yn Houten. Dêr sille de aksjefierders in petysje oanbiede. Dêrnei ride se troch nei de haadkantoaren fan de Rabobank en Nederlandse Bank, want dat binne úteinlik de opdrachtjouwers. Brink's wol 600 fan de 1100 banen skrasse, omdat de banken in oare ferfierder kieze wolle.

It fakbûn fynt dat de wurknimmers fan Brink meinommen wurde moatte, omdat dizze minsken in soad ûnderfining hawwe mei it transport fan jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)