Meiwurkers Atoglas stake troch

28 feb 2005 - 12:59

De staking by it Ljouwerter bedriuw Atoglas is ek yn it wykein gewoan trochgien. Omdat de direksje noch hieltiten net ree is om de stakers temjitte te kommen giet de staking ek de kommende wike gewoan troch.

De stakers wolle dat it fabryk yn Ljouwert iepenbliuwt, de haaddireksje wol de festiging slute. De stakers ha moandei oerlis mei wethâlder Van Mourik fan Ljouwert. Tiisdei sille de stakers prate mei it provinsjaal bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)