Meiwurkers ASR bot oanslein

23 jul 2009 - 15:41
  • Oer trije jier giet it kantoar fan ASR Wâldsein definityf ticht

It personiel fan fersekerder ASR yn Wâldsein is bot oanslein troch de sluting fan harren kantoar. De 150 meiwurkers krigen dat berjocht woansdei oer de mail te hearren.

Ein 2012 giet it kantoar ticht. It personiel kin kieze om mei te gean nei de festiging yn Utert. It bedriuw betellet dan yn alle gefallen it earste jier de reiskosten. De measte meiwurkers fan Wâldsein sjogge dat lykwols net sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)