Meiwurker reklassearring 'lekt'

14 apr 2003 - 00:00

De reklassearring yn Ljouwert hat ien fan 'e meiwurkers ûntslein. De man hat ynformaasje oer in ûndersyk nei bûten brocht, wylst dy noch fertroulik wie. Om't it om in strafber feit giet, moat de meiwurker 1 maaie foarkomme foar de rjochtbank.

De reklassearring wol net wachtsje op de útkomst fan dy rjochtsaak. De meiwurker hat de oannimlikens fan de organisaasje dochs al skea tadien. Sadwaande hat er no al dien krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)