Meiwurker foarkomt grutte brân

11 jan 2010 - 11:47

Troch rap yngripen fan in meiwurkster koe de brânwacht moandeitemoarn in grutte brân by in postsortearsintrum yn Ljouwert foarkomme. Yn it kompleks oan de Edisonstrjitte wurde pakketten fan Selektmail sortearre.

Doe't de meiwurkster deryn kaam, seach se dat in ferwaarmingskachel yn 'e brân stie. Se warskôge de brânwacht en dy hie it fjoer al gau ûnder kontrôle. Foar de besoarging fan de pakketten hat it gjin gefolgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)