Meiwurker drukt hege som jild achteroer by Accell Taiwan

27 jan 2016 - 10:20
  • Accell Group

In meiwurker fan de Accell Group yn Taiwan hat in soad jild stellen fan it bedriuw. Accell fan It Hearrenfean skat yn dat de skea oprinne kin ta maksimaal 4 miljoen euro. Hoe heech oft it bedrach echt wurdt, hinget derfan ôf hoefolle Accell noch weromkrije kin fan de dief. It bedriuw ûntduts de stellerij nei in ynterne kontrôle. De direksje giet derfan út dat de dief allinnich operearre.

Der wurdt noch sjoen hoe't de kontrôles binnen it bedriuw fierder ferbettere wurde kinne, om soksoarte ynsidinten yn de takomst foar te kommen.

Accell tinkt dat, nettsjinsteande de stellerij, de nettowinst oer it twadde healjier fan 2015 omheechgiet. Dat hat mei de goede resultaten te krijen. De definitive sifers dêroer komme ein febrewaris nei bûten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)