Meiwurker bestelt bedriuw

30 jun 2011 - 10:26

De stellerij út in klûs fan in bedriuw op Flylân is oplost. Ferline jier septimber waard by it bedriuw oan de Doarpsstrjitte in soad jild stellen. Al gau foel de fertinking op in meiwurker. Dy hie gjin fêst wenplak en wie dreech te pakken.

Ferline wike is de man yn Ljouwert oanhâlden om't er harddrugs yn syn besit hie. Hy waard doe ek heard oer de stellerij op Flylân. Dy hat er bekend. De man moat ynkoarten foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)