Meiwurker azc misbrûkt jonges

24 des 2004 - 12:14

In meiwurker fan it azc yn Appelskea hat ien of mear jonges tusken de 5 en 14 jier fan dat azc seksueel misbrûkt. De man (40) wennet yn Easterwâlde. Hy is oanhâlden en hat dien krigen. Hy hat ek pornofoto's fan ien fan de jonges makke. Bewenners en meiwurkers fan it azc is profesjonele help oanbean.

De plysje kaam him op it spoar yn in ûndersyk nei berneporno. Dêrfoar waarden ein septimber op 15 adressen yn Fryslân ynfallen dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)