Meitinke oer besunigings

07 maaie 2012 - 18:14

De gemeente Hearrenfean freget oan har ynwenners om mei te tinken oer besunigings. Fia in digitale begruttingswizer kinne minsken oanjaan wêr't neffens harren minder jild oan útjûn wurde kin. It is ek mooglik om oan te jaan wêr't de gemeente krekt mear jild oan fertsjinje kin. Hjir kin bygelyks it ferheegjen fan it parkearjild ynfold wurde.

De ynwenners fan de gemeente kinne oant begjin juny meitinke oer de besunigingsslach. Dêrnei sil it kolleezje fan b. en w. deroer gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)