Meispyljen Sylvia Smit ûnwis

17 aug 2009 - 17:14
  • Sylvia Smit is blessearre

It is noch net wis oft Hearrenfean spylster Sylvia Smit meidwaan kin oan it Europeesk kampioenskip fuotbal foar froulju. Smit hat in spier skuord yn har boppeskonk.

Yn totaal dogge trije froulju fan Sportklup Hearrenfean mei oan it EK dat snein yn Finlân útein set. Behalve Smit binne dat Marije Brummel en Sherida Spitse. Ek de keepster fan it nasjonale team, Loes Geurts, komt oarspronkelik út Fryslân. Sy spilet foar lânskampioen AZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)