Meismoke yn kroech libbensgefaarlik

05 feb 2015 - 21:37

Smoken yn kroegen is libbensgefaarlik, ek foar minsken dy't net smoke. Dat wie al bekend, mar sûnt tongersdei is dat troch ûndersyk fan it Trimbos-ynstitút befestige. Sa is de kâns op longkanker fan ien dy''t meismookt, 30 prosint heger. Ek krijt in meismoker earder problemen.

Steatssekretaris Van Rijn fan Folkssûnens hat dêrom de ôftraap dien fan de kampanje 'Alle Horeca Rookvrij'. De wet stiet smoken yn kafees net mear ta. Kroegen dy't it smoken noch talitte, krije hege boetes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)